Kandidatelist 2018

Bert Koonstra Sweagerbosk List 2 nr 1
Ik wenje yn Sweagerbosk . Bin heit, wurkje as konsulint yn it Sosjaal Domein. No aktyf as riedslid en ik stean foar de
kearnwearden fan de FNP; , demokrasy, federalisme, ynternasjonalisme, taal en kultuer, ûndernimmerssin, solidariteit en duorsumens. Elts moat mei dwaan kinne en noed en soarch foar de minske , it gea en de natuer bin foar my fanselssprekkend. Jo, do kinst my folgje op twitter @koons300

Fedde Breeuwsma Dokkum List 2 nr 2
Bin riejouwer BHV en Krisismanagement. Heit en grutske pake. Ik wol my graach ynsette om de Wet Maatskiplike
ondersteuning (WMO)tichter by de minsken te bringen. De fraach nei soarch moat liedend wêze en net it wykteam of de gemeente. Earst soarch regelje yn eigen doarp/ wyk troch bekende wyksuster en dan de prosedueres. @breeu01

Lisette Akkerman Ferwert List 2 nr 3
36 lentes jong, en wenje yn Ferwert. Ik wurkje yn'e útféartsoarch en dêrneist ha ik in eigen bedriuw yn coaching en training yn duorsume ynsetbaarheid en fitaliteit,
wêrby ik minsken en bedriuwen advisearje en begeliet op it mêd fan in sûne wurk-en leefomjouwing. Ik fyn it wichtich dat minsken wurkje, libje, ûntspanne en genietsje kinne yn en fan harren prachtige gemeente.
Ik set my dan ek graach yn foar wurkgelegenheid, leefbaarheid, behâld fan sport, kultuer en soarch foarsjenningen foar jong en âld en foar behâld en beskerming fan it ferskaat oan floara en fauna yn Noard-East Fryslân!

Jaap Postema Dokkum List 2 nr 4
Wurkje by de Rabobank en mei Durkje Santema grutske heit fan in trijeling. Yn myn frije tiid mei ik graach reedride, fytse en sile. Sport is in wichtich ûnderdiel fan in leefbere mienskip. Ik wol graach sterk meitsje om in goed sportklimaat yn doarp en stêd yn stân te hâlden. @JaapPostema

Lolke Folkertsma Dokkum List 2 nr. 5
As bankman haw ik jierren lang my sterk makke foar de belangen fan de klant en de bank yn de regio. De ôfrûne jierren haw ik as riedslid besocht de ferbining tusken minsken, bedriuwslibben, natuer en bestjoer te lizzen. Njonken riedslid ,warber foar de Talmastichting, Dokkumer Stadsfonds en de PDGAW yn Dokkum Ealsum Wetsens. Mei wat graach genietsje fan de natuer en derop út mei de boat. @ltfolkertsma

Hanneke Jouta Ferwert List 2 nr 6
Troud mei Willem Hazewindus en mem fan trije bern. Ik fiel my as Fries thús by de FNP. Fan 2006 oant 2014 ha ik yn’e  ried fan Ferwerderadiel sitten. Graach wol ik my yn ús nije gemeente op’e nij ynsette. Ynsette foar de leefberens foar al ús ynwenners. Foarsjenningen behâlde en omtinken foar minsk en natuer! facebook ; Hanneke Jouta

Tineke Bosgraaf Kollum List 2 nr 7
Ik bin Tineke, ûndernimster yn Kollum, trout mei Durk Bosgraaf, de taxi-man. Wy ha twa bern en twa lytsbern. Myn hobby’s binne polityk, iten siede en hake foar de ferdivedaasje.

Pytsje de Graaf Ternaard List 2 nr 8
As frou fan Harke en beppe fan de alderleafste famkes fan'e wrâld fiel ik my by de FNP thús om’t ik in grutte bining mei it Frysk en Fryslân haw. De partij dy’t mei respekt mei-elkoar omgiet en gjin ûnderskied makket. Bin no wethâlder.

Harm Kamstra Holwert List 2 nr 9
Set my graach yn foar de meinskip. Derby hearre goede foarsjenningen yn doarp en sted. Wiis bin ik mei it Doarpe Untwikkelingsfuns dat no oer de hiele gemeente utrole wurde sil. Dat bestsjut in kwaltiteitsslach foar us doarpen.

Frâns Boersma Kollum List 2 nr 10
FNP stiet foar de Fryske taal en kultuer en leit de klam op in sûne natuer. Ik wol my graach ynsette foar: Biodiversiteit, benammen fuortendaliks oppakke yn it ûnderhâld fan de gemeentelike bermen Ynsette op  krûderike gerssoarten yn ‘e lannen en behâld fan de houtsingels ta befoardering fan it tal ynsekten en fûgels. Fûgels werom yn ’t lân!

Ykje van der Wal Holwert List 2 nr 11
Hikke en tein yn it moaiste en krimpfrije doarp oan de Waadsee, Holwert. Wenje dêr mei myn man en ús soan fan 18 jier. De soarch foar minsken yn ús mienskip jong en âld, dêrby útgeande fan de eigen krêft fan de minsk, dêr set ik my foar yn. @Pykje29

Marco Kramer Hallum List 2 nr 12
De FNP past it bêst my om’t it in regionale partij is mei in Frysk hert. Ik wol my graach ynsette foar de biodiversiteit, romte foar greidefûgels, in leefber plattelân mei behâld en ferbettering fan de foarsjenningen.

Ruurd de Graaf Dokkum List 2 nr 13
De FNP is de ienige lokale partij mei in provinsjale ferienige efterbân. Dat makket de FNP ta in foldwaande sterke lokale partij sûnder ynfloed fan Den Haach lykas lanlike partijen. Ik wol my graach ynsette foar in sûnereleefomjouwing sadat wy in sûne planeet efterlitte foar ús bern.

Thom Feddema Raard List 2 nr 14
As ynwenner fan Raard mocht ik jierrenlang foarsitter wêze fan doarpsbelang. Ik stean foar de natuer. ; it bioferskaat. De gemeente moat rûnom blom - en krûderike ekologysk bermbehear tapasse. Wat soe ik moai wêze as fan Hallum oant Stroobos ta, der in flinter en bijelint lint komt.

Linda van der Deen Marrum List 2 nr 15
Ik bin wurksum as Clustermanager yn Fryslân by it Leger des Heils. Ik wol my hurd meitsje foar in goede âldereinsoarch yn ús gemeente. Troch it belied fanút Den Haag moatte minsken sa lang mooglik thús wenjen bliuwe, mar wy ferjitte derby faak dat der dertroch in protte iensumheid is ûnder ús âlderein. Dat giet my oan it hert.

Aant Jelle Soepboer Nijwier List 2 nr 16
Myn namme is Aant Jelle Soepboer, 29 jier jong en yn it deistich libben bin ik dosint yn it fuortset ûnderwiis, skriuwer en muzikant. De FNP is in partij dy't regionale en provinsjale polityk bedriuwt sûnder in rânstêdlik keurmerk, in partij dy't ferjonging en feroaring omearmet en boppe-al in partij dy't it Frysk heech yn it findel hat, dêr wol ik myn hals wol foar útstekke. https://www.facebook.com/aj.soepboer Ik wol my graach ynsette foar de jongerein, om harren in stim te jaan yn de polityk, ek meitsje ik my sterk foar it behâld fan de doarpskultuer en Frysk yn it ûnderwiis. Tegearre ien!

Anneke Verbeek Mitslawier List 2 nr 17

Welmoed van der Werf Dokkum List 2 nr 18
Ik fiel my ferbûn mei de FNP om’t de FNP in partij is dy’t in waarm hert foar Fryslân hat. De FNP is frysk, grien, sosjaal, rjocht troch see, deeglik en betrouber.

Ernst Meinsma Nes List 2 nr 19
By de FNP fiel ik my thús. Ik wol my graach ynsette foar in dynamysk bûtengebiet. It goed faslitearjen fan ûndernimmers / boeren mar mei in soad omtinken foar natoer, (greide) fûgels en ynsekten.

Jaap Hijma Marrum List 2 nr 20

Johannes Annema Westergeast List 2 nr 21

Janneke Themmen Easternijtsjerk List 2 nr 22
Myn deistige wurk is yn’t grûnferset, mar yn myn frije tiid gean ik
graach mei myn kabaretploech ús provinsje yn en nei de Friezen
om utens.

Jappie Borger Sweagerbosk List 2 nr 23

Wieger Rekker Kollum List 2 nr 24
Ik kies foar de FNP om’t ik mysels weromfine kin yn de partij. Ik wol my graach ynsette foar it miljeu en de natoer.

Oebele Vries Westergeast List 2 nr 25
De FNP lit in eigen - en boppedat Frysk - lûd hearre , in lûd dat net mist wurde kin. Ik wol my graach ynsette foar alles wat nei myn begryp yn it belang fan de gemeente is, yn it bysûnder foar it op in ferantwurde wize omgean mei ús leefmiljeu en kultuerlânskip en foar it skeppen fan omstannichheden dy't liede kinne ta ferbettering en fersterking fan it plak fan it Frysk.

Willem de Boer Kollum List 2 nr 26
In stim op de FNP hat mear ynfloed op ús eigen regio. FNP Wat oars? Ik wol my graach ynsette foar in skjin miljeu en mear skieding fan ôffal stimulearje.

Jelle de Vries de Triemen List 2 nr 27

Renze Holwerda Anjum List 2 nr 28
De FNP is foar my in partij mei respekt foar de Fryske taal, kultuer en lânskip. Ik wol my graach ynsette foar mear betelbere multyfunksjonele hierwenten yn doarpen. Skjinne enerzjy foar elke beurs.

Tsead Wilman Ie List 2 nr 29

Ella Folkertsma Dokkum List 2 nr 30
Ik bin troud mei Lolke Folkertsma en tegearre bin wy mar wat grutsk op ús beide jonges. As Dosint oan it Dockinga College gean ik mei de jongerein yn petear oer de sin fan’t libben en harren libbensbeskôging. FNP kieze betsjut foar my dat elts meidocht en der ta docht.

Jelle Auke Vrieswijk Hantum List 2 nr 31

Derk van der Kloet Westergeast List 2 nr 32

Piter Buruma Kollum List 2 nr 33

Nynke Witteveen Dokkum List 2 nr 34

Jaap-Sip Faber Dokkum List 2 nr 35
As oprjochte fries fiel ik my thús bij de FNP. 
Fryslân is in prachtich stikje lân mei in hiel lang ferline; in ferhaal dat nea ferlern gean mei.
De FNP set har yn foar begrippen as mear eigen bestjoer en romte foar eigen inisjatyf, de lokale mienskip mear foech jaan en behâld fan eigen taal en kultuer. Dat sprekt my tige oan.

Aafke Dijkstra de Triemen List 2 nr 36

Binne Reitsma Blije List 2 nr 37

Gerard van der Beek Ferwert List 2 nr 38

Aede van der Beek Marrum List 2 nr 39
De FNP is foar my in partij dy’t ticht by de minsken stiet en de regio stean wol. Ik wol my graach ynsette foar alle saken dy’t op gemeentelik mêd spylje. Haw jierren lang meidraaid yn de skaadfraksje en praat dan mei oer de gemeentlike polityk

Tsjerk de Groot Wanswert List 2 nr 40

Albert Hoof Kollum List 2 nr 41
Ik fiel my Fries en wenje yn Fryslân dêrom FNP. Ik wol my graach ynsette foar de feiligens foar de boargers, foaral op it mêd fan brânfeiligens.

Japik Banga Kollumersweach List 2 nr 42

Durkje Dijkstra-Talma Ealsum List 2 nr 43
De FNP sprekt my oan om’t alles yn ús memmetaal kommunisearre wurdt. Der wurdt nei jo harke en der wurdt ek útfierd.
Ik wol my graach ynsette foar elk dy’t help nedich hat.

Harke de Graaf Ternaard List 2 nr 44
De FNP is foar my in partij dy’t eagen en earen hat foar de need fan jong en âld. Ik wol my graach ynsette foar in paadsje nei see (Fiskbuorren) en in fytspaad by see lâns.

Rika de Jong Hantumhuzen List 2 nr 45











































































































2019 FNP Fryslân - Disclaimer