FNP Ferkiezingsprogram 2019-2022 foar de gemeente Noardeast Fryslân. 

  

Mei yngong fan 1 jannewaris 2019 is de gemeente Noardeast-Fryslân in feit.

Untstien út de gemeenten Dongeradiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel, is it in unyk stikje Fryslân/Nederlân, dêr't wy grutsk op binne en noed foar stean wolle.

Neist de stêd Dokkum, bestiet de nije plattelânsgemeente no út sa'n 52 kearnen, de buorskippen net meirekkene. Dizze skaalfergrutting sil syn ynfloed hawwe op de nije bestjoersfoarm. Dat sil de nedige oandacht fergje.

 

Wat foar de FNP net feroaret is dat wy noed stean bliuwe foar de materiële en sosjaal kulturele belangen fan de ynwenners fan ús nije gemeente.

 

Kearnwearden FNP útgongspunt

 

De kearnwearden fan de FNP binne útgongspunt om it ferkiezingsprogramma 2019-2022 foarm en ynhâld te jaan. Dizze wearden jouwe rjochting oan it deistich polityk hanneljen yn nije gemeente Noardeast Fryslân. It anker en it kompas fan de FNP. Dizze kearnwearden binne:

 

  • Demokrasy: De FNP fynt dat de macht oer de oerheid fan it folk is. Minsken moatte safolle mooglik behelle wurde by it iepenbier bestjoer. 

  • Federalisme: De FNP stiet in steatsynrjochting foar dy't minsken en lokale mienskippen it foech en de middels jout om de eigen libbensromte safolle mooglik sels stal te jaan. De FNP wol mear foech nei de provinsjes, in sterker provinsjaal bestjoer en dêrtroch in sterker Fryslân.  

  • Ynternasjonalisme: De FNP siket nei wat minsken bynt en sjocht de wrâld as in federaasje fan mienskippen. Minskerjochten en respekt foar oare kultueren en libbensoertsjûgingen steane dêrby sintraal.

  • Taal en kultuer: Taal en kultuer drage tige by oan de identiteit en dêrmei oan it wolwêzen fan minsken. De FNP wol de Fryske identiteit fersterkje en stiet dêrom noed foar de Fryske taal en kultuer. De FNP makket him sterk foar in Fryslân, dêr't ek oare talen en kultueren respektearre, praktisearre en wurdearre wurde, lykas it Stedsfrysk en oare lokale dialekten.

  • Undernimmersin: De FNP wol eigen inisjatyf, kreativiteit, ferantwurdlikheid en ûndernimmerskip de romte jaan, dat minsken en mienskippen by steat binne har optimaal te ûntwikkeljen.
  • Solidariteit: De FNP is in mienskipspartij. Foar it behâld fan de solidariteit moat begryp en respekt fan wjerskanten tusken earm en ryk, jong en âld, sûn en siik behâlden en fersterke wurde, dat nimmen oan de kant komt te stean.  

  • Duorsumens: De FNP wol in duorsume wrâld neilitte oan de kommende generaasjes. Yn stee fan potfertarre siket de FNP nei ekonomyske besteansfoarmen dy't in better lykwicht garandearje tusken konsumearjen en konservearjen

Yn de folgjende haadstikken wurdt útwurke wat dit betsjut foar it FNP programma foar de gemeente Noardeast Fryslân foar 2019-2022.



  1. Ynwenner en bestjoer



Iepenbier bestjoer

 

It bestjoer en de polityk binne der foar de minsken en net oarsom. Dat betsjut dat elkenien safolle mooglik meiprate en meikedize kin oer wichtige ûnderwerpen dy't spylje yn de gemeente. Yn alle iepenheid moat de befolking meinommen wurde as der nije ûntwikkelingen binne, middels bygelyks ynsprekjûnen en it ophelje fan ynformaasje.


De FNP wol harkje nei de boarger en set de doar iepen foar elkenien. Dat betsjut dat har eigen fraksjegearkomsten iepenbier binne en iepenstean foar alle ynwenners.


De boarger is net allinne klant, dy't gebrûk makket fan de tsjinsten fan de gemeente, mar ek kiezer fan it eigen bestjoer en sa mei ferantwurdlik foar dit bestjoer. Wy daagje de ynwenners út om mei nije inisjativen te kommen en oan de slach te gean.


Mei it grutter wurden fan de gemeente bestiet it gefaar dat der in gruttere ôfstân ûntstiet tusken de boarger en it bestjoer. De FNP fynt dat it bestjoer fan de nije gemeente Noardeast-Fryslân ticht by de boarger stean moat. Mei faasje moat dêrom wurke wurde oan in nij doarpe-en wykbelied. Utgongspunt by it opsetten fan dit belied moat wêze dat:

  • safolle mooglik útgien wurdt fan de eigen krêft fan doarpen en wiken.

  • doarpsbelangen en wykrieden it earste oansprekpunt binne as fertsjintwurdiger fan de lokale mienskip. Hja hawwe in koördinearjende rol yn har buert of doarp oangeande leefberens.

  • in doarp- en wikefûns dêrby nedich is om mei nije inisjativen oan de slach te gean.

  • elk doarp in eigen moetingsromte hâlde moat.

  • doarpekoördinatoaren (amtners) soargje foar koarte linen tusken doarp en gemeente.

De FNP wol de jongerein in eigen ynbring jaan yn de gemeentepolityk. Dit soe kinne yn de foarm fan in jongerenadvysried of jongereinparlemint.

 

Finânsjes en bedriuwsfiering

 

De FNP wol in ferstannich en sûn finansjeel belied. De OZB kin allinnich mar ferhege wurde as wannear't de needsaak oantoand wurdt en de boarger it wer werom sjocht.

Foar grutte projekten sil altyd in kosten/baten analize makke wurde makke.

De gemeente moat hiel hoeden en kritysk omgean mei it ynhieren fan eksterne saakkundigens.

De wenlêsten moatte lykweardich ferdield wurde, de gemeentlike lêsten meie net boppe it Frysk gemiddelde útstige.

In slutende mearjierrebegrutting is wichtich en hjir oan wurde gjin konsesjes dien, mar der moat wol romte wêze foar nij belied. In rejele reserve is nedich om risiko's ôf te dekken. It amtlik apparaat is taret op har taken, mar net grutter as needsaaklik. In goed opliedingsbudzjet is needsaaklik om safolle mooglik kennis en kunde yn eigen hûs te hawwen. De earste jierren moat ynvestearre wurde om de kultueren fan de ferskillende organisaasje tichter byinoar te bringen. De kontaktamtners brûke (prate en skriuwe) it Frysk.

 

Spearpunten:

  1. De gemeente moat op alle prestaasjefjilden fan www.waarstaatjegemeente.nl boppegemiddeld prestearje

  2. Kommunikaasjeproses moat by de start fan in projekt of proses dúdlik wêze

  3. By wichtige yngripende saken sil der altyd mei de befolking fia in goed kommunikaasjeproses kommunisearre wurde moatte

  4. regionale regels en foarskriften op ‘e nij hifkje

  5. Mear mooglikheden foar inisjativen út de mienskip lykas Holwert oan See, Kollum wettersport Hallum Terp en Wierde

  6. Der moat in doarpe-en wikefûns komme foar inisjativen út de doarpen sels wei.

  7. Nije demokraasje hannen en fuotten jaan. Fan oanbod nei fraach.

  8. fúzje tusken gemeenten Kollumerlân, Dongeradiel en Ferwerderadiel  stiet as in hûs yn 2020

  9. gjin grutte finansjele offers dellizze by de befolking

  10. fúzje moat bestjoerskrêft en fersoargingsgebiet regiostêd Dokkum en gruttere kearnen lykas Kollum en Hallum fersterkje

  11. gjin nije mienskiplike regelingen oangean mei de buorgemeenten

  12. Dantumadiel as klant goed fasalitearje mar Noardeast-Fryslân bepaalt it belied

  13. de gemeentlike útjeften en ynkomsten moatte ynsichtlik en kontrolearber wêze.

  14. de gemeente moat hiel hoeden en kritysk omgean mei it ynhieren fan eksterne saakkundigens

  15. de wenlesten moatte lykweardich ferdield wurde, de gemeentlike lesten meie net boppe it Frysk gemiddelde útstige.

  16. desintralisaasje wurdt bekostige troch de ryksbydrage.

  17. oandielhâldersskippen gjin kearnaktiviteit gemeente.

  18. Yn 2021 is de plande besuniging op amtlik apparaat útfierd

  19. amtners fan de gemeente Noardeast - Fryslân wurde húsfeste binnen de grinzen fan de gemeente Noardeast-Fryslân

  

2. Mienskip

 

Taal, kultuer en sport

 

Taal

It Frysk is de meast sprutsen taal yn Noardeast-Fryslân. In lykweardige posysje fan it Frysk mei it Hollânsk is in betingst foar in folweardige Fryske kultuer yn al syn uteringen. De FNP fynt dat de gemeente in foarbyldfunksje hat yn it aktyf brûken fan it Frysk. Dit moat ek dúdlik nei foaren komme by it oanlûken en selektearjen fan personiel, dêr't kwaliteit foarop stiet, mar in positive hâlding tsjinoer it Frysk en ree wêze om de taal te learen is wichtich.

De FNP wol nije ynwenners in wolkom hjitte mei û.o. ynformaasje oer meartaligens.

 

De kultuerhistoarje

De kultuerhistoarje uteret har yn Noardeast-Fryslân yn musea, monuminten,tsjerken en tal fan gebouwen en weardefolle lânskipsobjekten. De beskermende stêds- en doarpsoansichten binne yn harren gehiel in monumint. Troch gemeentlik monumintebelied wolle wy dit fêstlizze en bewarje.

De FNP stipet de beskerming fan argeologyske, kultuerhistoryske en oare weardefolle lânskipselementen. De FNP is ek foar it behâld fan byldbepalende wenhuzen, pleatsen, tsjerken. In nije bestimming moat passe yn de omjouwing.

 

Kultuer

Korpsen, toaniel en oare kultuerfoarmen binne ryk fertsjinwurdige yn Noardeast Fryslân. Dêrom moatte wy ynsette op behâld en fersterkjen fan dizze kultuerfoarmen. Kultuer sil yn de takomst yn in krimpende regio fan grutte wearde wurde foar in leefbere omjouwing. Dêrom sil der ynvestearre wurde moatte yn in kulturele ynfrastruktuer foar de regio.

 

Sport

De FNP wol mear omtinken jaan oan it sporten yn de iepenbiere romte. Sport is wichtich foar jong en âld. Derneist hat it in binende faktor yn it mienskipslibben en is goed foar de folkssûnens. Elk moat meidwaan kinne, derom sil de rekreative sport noch mear stipe wurde moatte, de buurtsportcoach hat dêryn in wichtige stimulearjende rol.

Yn in sport-kultuernota moat fêstlein wurde wat wy de kommende jierren op dit mêd berikke wolle. De FNP wol der foar soargje dat û.o. ek de Fryske sporten in plak krije bi nnen de sport-kultuernota, lykas; fierljeppen, keatsen, skûtsjesilen en Frysk damjen en stipe krije fan de gemeente.

 

Spearpunten:

 

Utgongspunt is de lykweardigens fan de twataligens yn de nije gemeente mei rom omtinken oan de streektalen lykas it Pompsters, it Burumers ensfh.

 

1. de gemeente set troch mei twatalige promoasje uteringen.

2. de gemeente nimt twataligens op yn de subsydzje-easken nei tredden ta.

3. gemeente jout sels it foarbyld fan lykweardige twataligens.

4. yn 2022 is de helte fan alle basisskoallen trijetalich en alle

pjutteboartersplakken twatalich

5. mediateken moatte tarist wêze op it meartaligens belied  mei dêrby rom

omtinken foar de streektalen fan it gebiet.

  1. de kulturele ynfrastruktuer moat minimaal behâlden bliuwe

  2. teater Sense moat as foarsjenning yn de regiostêd bestean bliuwe

8. der moat in nije kultuernota komme mei dêryn omtinken foar:

                • kultuerfûns foar bysûndere projekten en aktiviteiten

                • ús kultureel erfguod op it mêd fan tsjerken en besinning

                • mear kultueroanbod foar bern en jongerein mei omtinken foar it Frysk

                • stipe foar produksjes dy't troch eigen befolking útfierd wurde

  1. Behâld muzykskoalle

9. Romhertige stipe foar musea

10. de kommende jierren sil de legacy KH2018 fierder benut wurde moatte

11. gemeentlik monumintebelied mei omtinken foar de beskerme steds-en

doarpsgesichten en de histoaryske wearde fan ús erfguod.

12. gemeentlike sportfoarsjennings op peil hâlde en op ferlet útwreidzje ( b.g.

sportfjilden)

13. Goede sportfoarsjennings en fasilitearje op it mêd fan beweging, b.g. sport as

in algemiene foarsjenning hantearje mei finansjele stipe fan de oerheid. Elk

moat yn oanmerking komme kinne mei sport. Elk bern hat rjocht op in

swimdiploma A, gemeente moat fasalitearje.

15. Sprieding fan foarsjennings ferspraat oer de gemeente, b.g. swimbaden

Hallum, Kollum en Dokkum fasilitearje

16. Buertsportcoaches ek ynsette foar âlderen.

17. Fryske Sporten opnimme yn de nije sportnota

 

3. Soarch en Wolwêzen


Sosjaal belied, folkssûnens en ûnderwiis


Sosjaal belied

De FNP is in Fryskeigene mar ek in sosjale partij. It noed stean foar inoar en de mienskip binne dêr wichtich yn. Tagelyk wol de FNP elk op syn ferantwurdlikheid en ynset oansprekke. Aktyf en folweardich meidwaan oan it sosjaal en maatskiplik libben moat mooglik wêze.

It is wichtich dat elkenien mei in útkearing har nei fermogen ynset as frijwilliger by projekten fan de mienskip. Sjen nei kânsen, mooglikheden en oplossingen, ynstee fan nei beheiningen.

De FNP fynt dat de tema's "laaggeletterdheid" en skuldeproblematyk konsistint oandacht krije moatte. Dizze tema`s binne meiinoar ferbûn en foarmje in grut maatskiplik probleem ek yn ús gemeente.


Flechtelingen dy't op grûn fan de Nederlânske wet in plak taskikt krije yn ús nije gemeente wolle wy gastfrij ûnthelje en safolle as mooglik opnimme yn ús mienskip.Taallessen hawwe prioriteit en freegje om goede gemeentlike begelieding.

 

Folkssûnens

Sûnens foar har ynwenners is tige wichtich. Yn it ramt fan "de gezonde school" is de FNP foarstanner om bern op de basisskoalle fruit te jaan. It fuortset ûnderwiis moat útdage wurde om sûne streekprodukten yn de kantine oan te bieden.

De FNP fynt dat de alkohol en drugsproblematyk yn Noardeast- Fryslân hurd oanpakt wurde moat. De âlderein en minsken mei in beheining moatte sa lang mooglik yn harren eigen hûs en wenplak wenje.

It stypjen fan mantelsoargers hat foar de FNP prioriteit.


It is tige wichtich dat de âlderein mei soarch yn de doarpen wenje bliuwe kin. De FNP wol ek yn elke doarp of doarpencluster in model "nije Spiker om de doar. Ek it wykteam moat hjir yn ticht by de befolking komme. Noardeast- Fryslân moat 24/7 in dokterpost iepen wêze. De foarsjenningen fan de Sionberg moat dêryn benut wurde. Gjin gereis nei Ljouwert en Drachten foar net komplekse saken. Ambulânseposten moatte foldwaande ferspraat oanwêzich wêze.


Underwiis

De gemeente hat de ferantwurdlikheid foar de kwaliteit fan berne-opfang en pjutteboartersplakken. Neist de wetlike easken wurdt ynset op twatalige (Frysk-Nederlânsk) opfang en pjutteboartersplakken.

As troch it tebek rinnen fan it tal learlingen basisskoallen sletten wurde moatte, wurdt ynset op gearwurkingskoallen om sa sprieding en kwaliteit fêst te hâlden. De FNP hat spesifike oandacht foar de berikberens en beskikberens fan iepenbier basisûnderwiis yn de gemeente.


It basis-en middelber ûnderwiis jout bern folop mooglikheden om harren talinten te ûntwikkeljen. Meartaligens (Frysk, Nederlânsk en Ingelsk) makket dêr diel fan út.

Duorsume húsfêsting is dêrby in basiseask.

De FNP fynt goed fuortset ûnderwiis yn ús gemeente tige wichtich. Alle soarten fuortset ûnderwiis moatte safolle mooglik yn ús gemeente beskikber en berikber wêze.


Foar in goede berikberens fan skoallen binne feilige fytsrûtes fan grut belang. De gemeente soarget ek foar goede akkommodaasjes foar bewegingsûnderwiis.

Bedriuwslibben,(middelber)ûnderwiis en gemeente wurkje gear om de jeugd in goede oplieding te jaan en foar in baan yn de regio te soargjen.


De FNP is fan miening dat algemiene muzikale foarming ûnderdiel is fan it basisûnderwiis. De muzykskoalle fersoarget dêrneist muzyklessen foar jong en âld. Der moat troch de gemeente in deeglik finansjeel belied ûntwikkele wurde om de muzykskoalle in sûne takomst te bieden.


Spearpunten:

  1. It romhertige sosjaal belied fan ús gemeente wurdt fuortset mar mear ynset op eigen ferantwurdlikheid

  2. de gemeente soarget foar in bliuwende goede foarljochting oer de kritearia foar it takennen fan soarch, bystân, ensfh.

  3. de yndikaasjestelling foar soarch en tsjinsten is objektyf, ûnôfhinklik en yntegraal

  4. foar alle fragen op it mêd fan de Wmo,AWBZ en Jeugdhulp is der ien loket

  5. by de priis-kwaliteitsferhâlding fan de aktiviteiten fan de WMO,AWBZ en Jeugdhulp leit de klam op kwaliteit

  6. minsken mei in útkearing moatte nei fermogen as frijwilliger harren ynsette foar it eigen doarp of wyk derby moat se frij stelt wurden fan de sollisitaasje plicht

  7. yn doarpen en de stêd moatte gaadlike moetingssintra bliuwe/komme mei gebrûk fan besteande foarsjennings

  8. doarpshuzen frij fan OZB

  9. in sybsydzjefûns ynstelle foar lokale aktiviteiten

  10. Gebietsteam moatte fan út it gebiet wurkje en elk doarp/wyk in eigen doarps/wykomtinker

  11. de soarch as wurkjouwer is ûnmisber foar Noardeast-Fryslân

  12. goede soarch moat foar minsken tichtby en berikber wêze

  13. Sionsberg moat wer een 24/7 EHBO post krije

  14. ferpleechhuzen iepen hâlde

  15. Fersoarchingshuzen behâlde en nije soarchfoarmen mei wyksuster yn de lieding.

  16. Sjen nei kânsen, mooglikheden en oplossings ynstee nei beheinings

  17. Stimulearje fan gearwurking tusken skoallen sawol binnen as bûten ús gemeente en ek oer de grinzen fan libbensskôgings hinne

  18. Binnen in regionale oanpak is ek in boppegemeentlike ynset fan jildmiddels mooglik

  19. Regionaal maatwurk dat romte lit foar spesifike ôfwagings en rjocht docht oan de lokale omstannichheden en winsken fan âlders

  20. Efterstân jilden ek ynsette yn de boppebou fan it basisûnderwiis as dat nedich is

  21. Stribje nei brede bernesintra mei dei-arranzjeminten , romme iepeningstiden, dêr't ûnderwiis en berne-opfang, neist sport, kultuer, jeugdsoarch en wolwêzen wichtige partners binne

  22. Utgongspunt by Voor en Vroegschoolse Educatie-belied is de trochgeande line foar alle bern fan 0-12 jier. Foarskoalske foarsjennings slute naadleas oan op de basisskoalle

  23. it ûnderwiis fasilitearje by it meartalich ûnderwiis en dêrby rom omtinken oan de streektalen fan de gemeente Noardeast-Fryslân

  24. útwreidzje fan in jongereinfûns

  25. jongerein in stim jaan by beslútfoarming dy't jongeren oangiet

  26. Berne boargemaster foar nije gemeente Noardeast Fryslân

  27. mear fertier foar jongeren yn de iepenbiere romte

 

4. Wurk, Bedriuw en Rekreaasje

 

Ekonomyske saken en toerisme

 

Troch de oanlis fan de Sintrale As en de oansteande oanpassing fan de Skieding is de ferbining mei Noardeast Fryslân sterk ferbettere, it is no oan de gemeente om de ekonomyske ûntwikkeling te stimulearjen. It MKB, de lânbou en it toerisme binne wichtich foar de ekonomy en wurkgelegenheid. Noardeast Fryslân soe har mear profilearje kinne as in oantreklike MKB-gemeente.

De gemeente, bedriuwslibben en ûnderwiisynstellingen ferbine har om wurkgelegenheid te befoarderjen. De bedriuwskontaktamtner hat in hege kennis fan de winsken en de problemen fan it bedriuwslibben.

Yn it oanbestedingsbelied fan de gemeente wurdt yn it foarste plak sjoen nei de eigen bedriuwen yn ús gemeente en de regio. De gemeente soarget foar genôch romte en goed ûnderhâld fan de bedriuwsterreinen en fasilitearret sa mooglik besteande bedriuwen om har te ûntwikkeljen.

De oanlis fan glêstried, mar ek triedleas ynternet is essinsjeel foar in sterke ynnovearjende ekonmy. Hjir moatte wy permanint nei stribje en trochgeand ferbetterje.

 

MKB

Romte foar it MKB om har te ûntwikkeljen liedt ta mear banen en wurkgelegenheid. De kanteling fan de mienskip nei in mear duorsume ûntwikkeling is in geweldige útdaging en jout folop kânsen en mooglikheden, sa as it gasfrij meitsjen fan wenningen en bedriuwen en de oerskeakeling nei griene enerzjy. MKB-ûndernimmers yn de detailhannel moatte sels bepale as hja op snein al of net iepen gean.

 

Lânbou

In sûne lânbou is fan libbensbelang foar alle minsken. It is in wichtige bedriuwstak yn ús gemeente. Skaalfergrutting is amper te kearen, mar hat wol grutte gefolgen foar lânskip en miljeu. Ynpassing fan de gruttere bedriuwen yn it lânskip freget maatwurk (nije pleats proseduere) en der moatte easken steld wurde oan gebouwen en beplanting.

De FNP stribbet nei mear harmony tusken lânbou, natuer en lânskip, dat wol sizze nei in natuerynklusive lânbou en biodiversiteit. Alternative miljeu freonlike foarmen fan buorkjen moatte stimulearre wurde, sa as boeren dy't folslein oergean nei biologyske lânbou en eigen streekprodukten.

Foar it yn stân hâlden fan de populaasje greidefûgels binne boeren fan belang ûnder oaren troch de biodiversiteit yn it lân te fergrutsjen. De bûtendykse simmerpolders sa beheare dat se geskikt binne en bliuwe foar de ús bedrige greidefûgels. Goed oparbeidzjen mei de fûgelwacht en oare ynstânsjes op dit mêd is wichtich.

Wy binne tsjin nije bio-yndustryen yn de gemeente.

 

Toerisme en rekreaasje

Toerisme lûkt in protte minsken nei Noardeast-Fryslân, stimulearret de ekonomy en leveret wurkgelegenheid op. Noardeast-Fryslân moat in rekreaasjemerk wurde.

Rekreaasje-ûndernimmers binne ferantwurdlik foar it toeristysk produkt. Om Noardeast-Fryslân mear op de toeristyske kaart te setten is in ekstra ynspanning nedich.

Sa stipet de FNP it projekt Holwerd aan Zee en it Súd-Ie projekt. Mar it is ek wichtich dat oare bysûndere objekten en natuergebieten ûnder de oandacht fan in breder publyk brocht wurde. Sa fynt de FNP dat Noardeast-Fryslân tige geskikt is foar duorsum toerisme en ecotoerisme(lytsskalich toerisme yn de natuer) en wol dat dan ek befoarderje.

De fargeul nei Amelân moat ferbettere wurde, dit lûkt dan ek mear deitoerisme oan. De marketing fan "Ontdek Noardeast-Fryslân" moat stipe wurde.

 

Duorsumens en Klimaat

Noardeast Fryslân moat ambysje toane foar in sûn en skjin miljeu.

Wy wolle krekt as oare ambisjeuze gemeenten yn 2040 enerzjyneutraal wêze.

Om dat te berikken stelle wy in enerzjy-koördinator oan dy't ynwenners, en bedriuwen foarljochtet en stimulearret om ús doel te berikken.

De gemeente kin ynsette op isolearjen fan wenningen fan partikulieren, sa nedich troch it ferstrekken fan subsydzje en it goede foarbyld jaan troch sinnepanielen te pleatsen op skoallen en oare oerheidsgebouwen. Ek op lisboksstâlen en bedriuwsgebouwen kinne sinnepanielen pleatst wurde.

Ek in enerzjysunige iepenbiere ferljochting, dat goed is foar minske en bist, heart ta de mooglikheden.


Sirkulêre ekonomy

Derneist wol de FNP de sirkulêre ekonomy stypje troch tegearre mei oare partijen aktyf oan de slach te gean. De gemeente moat hjiryn sels it foarbyld jaan troch de sirkulêre ekonomy te befrisseljen yn har bedriuwsfiering. Ek stimulearje we dat dit in ûderdiel is en bliuwt fan de streek-en gearwurkingsaginda's mei oare gemeenten en it MKB.

De FNP wol it ferminderjen fan de ernerzjykonsumpsje stimulearje troch forljochting en mei passende maatregels.


De FNP konformearret har oan it provinsjaal FNP-belied oangeande wynenerzjy op de fêste wâl.

 

De FNP is tsjin winning fan ierdgas, mar fynt as der gjin ûntkommen oan is der goede betingsten foarôf fêstlein wurde moatte. Der moat in waarboarchfûns komme foar minsken dy't skea oprinne troch de winning fan delfstoffen.


Opslach fan lykwols nukleêr(ôffal)materiaal en CO2 yn de ûndergrûn fan de regio kin absolút net.


Troch de klimaatferoaring sille wy ús tariede moatte op in soad reinfal yn in koart skoftsje tiid. It bergjen fan wetter sil hege proriteit hawwe moatte troch de ferstienning yn doarpen/wiken tsjin te gean. Mear grien foar in bettere wetterberging en trochfier.

 

 Spearpunten:
 

  1. stipe foar ûndernimmers

  2. werstruktuerrearring fan besteande bedriuweterreinen (lykas de Prinslokaasje)

  3. goede ûntsluting bedriuweterrein Kollum

  4. digitaal glêsfezelsnelwei oanlizze, ek yn de bûtengebieten

  5. briedplakken foar nije bedriuwichheid

  6. stimulearje ôfstimming ûnderwiis-ûndernimmers troch sels it goede foarbyld te jaan (Gouden Driehoek, KEI)

  7. bedriuweterrein ynrjochtsje as enerzjyterrein, troch it oanlizzen fan in sinnepark

  8. Krimp benutte as ûntwikkeling.

  9. stjoering op fersterking kearnwinkelgebiet Dokkum en Kollum

  10. sneinsiepening kin op frijwillige basis

  11. planologysk mooglik meitsje fan ferkeap fan lokaal produsearre produkten

  12. stimulearje lokale produkten mei in kwaliteitslogo (makke yn Noardeast-Fryslân)

  13. hoeden omgean mei genetysk manipulearre gewaaksen

  14. it Nije Pleatsmodel sil foar nije grutskalige fer/nijbou útgongspunt wêze

  15. ljochthinder fan b.g. stâlen en reklameuteringen sil beheind wurde moatte

  16. omtinken foar de lânskiplike wearden lykas de beamsingels en it ferskaat oan lânskippen yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

  17. Jild frijmeitsje foar útfieringsprogramma Rekreaasje en Toerisme spesifyk foar Wrâlderfguodgebiet it Waad

  18. Kollum wettersport doarp fierder foarm jaan

  19. toeristyske promoasje fan ús gemeente yn 'e mande mei de omlizzende gemeenten en provinsje

  20. útfiering Wetterfront Dokkum/Súd Ie dien meitsje

  21. Hurddraverspark ûntwikkelje as nij toeristysk ferbliuwsgebiet

  22. Holwert oan See fierder ûntwikkelje

  23. fytspaad bûtendyks realisearje

  24. op alle beliedstereinen in duorsumensparagraaf

  25. opstelle fan in enerzjynota mei omtinken foar skjinne alternative enerzjyboarnen.

  26. slimme ferljochting ynsette by ferfanging fan iepenbiere ferljochting en opromje fan oerstallige ferljochting sadat ek de kwaliteit fan it tsjuster yn Noardeast-Fryslân behâlden bliuwt.

  27. gjin nije wynturbines yn it iepen lânskip fan Noardeast-fryslân

  28. perfoarst gjin opslach fan radioaktyf ôffal yn ‘e sâltkoepels

  29. salang't de gefolgen net dúdlik binne gjin opslach fan CO2 yn de Noardeast-Fryske grûn.

  30. gjin gegriem yn de Noardeast-Fryske grûn troch skaaljegaswinning

  31. it brûken fan miljeufreonlike brânstof troch de gemeente hat de foarkar

  32. pleatsing sinnepanielen fergunningsfrij ( sinnepark)  

  

5. Wenjen en Omjouwing


Romtlike oardering en
folkshúsfesting


Wenjen yn Noardeast-Fryslân

De FNP is der in foarstanner fan dat elkenien wenje kin dêr't hy of sy sels wol, mar wy moatte wol foar eagen hâlde dat de geo-sosjale omstannichheden yn de kommende desennia feroarje sille. Dêrta hawwe de 6 gemeenten yn ANNO-ferbân yn 2017 it saneamde KAW-rapport opstelle litten (in analize fan it ferlet fan wenningen in de takomst).

Dit rapport is de kommende tiid liedend, foar de nije gemeente Noardeast-Fryslân.


Mobiliteit

De tanommen mobiliteit fan minsken bestjut ek dat net alle foarsjennings mear oeral hoege te wêzen. Ekonomysk kin dat ek net mear. Ek hjir hat de skaalfergrutting syn beslach krigen. De kwaliteit fan dy foarsjennings wurdt nammerste mear fan grut belang. De minsken easkje ek mear as foarhinne. Wenkwaliteit en kwaliteit fan foarsjennings lykas ûnderwiis bepale sa de leefberheid fan it plattelân.


Hiersektor

Mei de wenningstichtingen binne der foar de perioade oant 2023 ôfspraken makke. Troch it weromrinnen fan de befolking sille der minder sosjale wenten nedich wêze. De wenningstichtingen hawwe plannen foar ferfangende nijbou yn de doarpen. De FNP fynt dat der wenningen bliuwe moatte foar alle ynkommens, dus libbensloopbestindige wenten foar de senioaren en net al te djoere wenten foar de jongerein. De hierwenten moatte - sa folle mooglik - oer it hiele gebiet fan Noardeast Fryslân ferdield wurde.

Partikuliere sektor

Utwreiding fan doarpen oan de bûtenkant is mei it each op it weromrinnen fan de befolking gjin opsje mear. De FNP fynt dat ynwreiding - it opfoljen fan fakante kavels - yn alle doarpen mooglik wêze moat, al dan net yn kombinaasje mei ferfangende nijbou.


Fertutearze panden

De FNP fynt dat der deeglik belied komme moat om ferkrotting foar te kommen. Ferkrotting fan wenten sil liede ta fertuteazing fan de doarpen en dat is tige ûnwinslik.


Waarboarchfûns

De FNP fynt dat der in waarboarchfûns komme moat foar húseigeners dy't harren wenning te keap oanbean hawwe, mar it net kwyt reitsje. De gemeente siket hjir ta kontakt mei de provinsje en oare ynstânsjes lykas it Waadfûns.


Boaiemdelgong

De FNP fynt dat it gemeentebestjoer der alles oan dwaan moat om skea troch boaiemdelgong oan opstallen foar te kommen troch it meitsjen fan goede ôfspraken mei tredden dy't binnen of bûten de grinzen fan de gemeente har dwaande hâlde mei de eksploitaasje fan ûndergrûnske (enerzjy)boarnen.


Bedriuwswenten yn it bûtengebiet

De FNP fynt dat der yn it bûtengebiet gjin partikuliere nijbouwenten komme kinne, dit soe liede kinne ta it leechrinnen fan de doarpen. It oprjochtsjen fan saneamde twadde bedriuwswenten sil oan tige strange easken ferbûn wurde moatte


Spesjale wenten

Fanwegen de fergrizing is de FNP der foar om linich om te gean mei it takennen fan saneamde kangoeroewenten; ommers, it Ryk fynt dat wy langer op ússels wenje moatte en dan is in kangoeroewent in prima opsje. Ek it pleatsen fan saneamde tiny houses kin in mooglikheid wêze.


Spearpunten:


  1. mear ferantwurdlikheid nei de boargers as it giet om de kwaliteit fan de iepenbiere romte

  2. meiïnoar derfoar soargje dat ús wenomjouwing yn de pronk komt te stean

  3. nije bedriuwichheid yn frijkommende pleatsen moatte passend wêze en meie net in beheining foar besteande bedriuwen wurde

  4. stimulearring startersmerk, en soarchwennings

  5. nije en besteande foarsjennings sille regionaal besjoen wurde moatte

  6. behâld en útwreiding fan hierwennings yn stêd en doarp

  7. Ynstelle waarboarchfûns

  8. Mear romte foar de saneamde ‘Kangoeroewenten"

  9. Realisearje Tiny Houses

 

6. Iepenbiere Romte


Ferkear en ferfier en behear iepenbier grien.


Us diken, fytspaden en wetterwegen moatte in goed kwaliteitsnivo hawwe. Wy stribje nei de sa bêst moglike untsluttingen fan de kearnen, lykas de rûnwei om Wânswert en de regio Kollum op de Skieding.

Feilige fytspaden hawwe prioriteit. It swiere en grutte lânbouferkear foaral yn de maitiid en simmer is in ekstra gefaar op de diken. In edukaasje programma foar trekkerriders en skoalle bern kin helpe hoe hjir mei om te gean.

Der moat een fytsplan foar de berikkens en feiligens foar de fytser komme.

Lânbouferkear moat safolle mooglik om de doarpen hinne laad wurde. De FNP wol in duorsum beliedsplan iepenbier Grien. It bermbehear sil op ekologyske wize plak fine. Blommen, bijen en flinters komme sa werom yn ús leefomjouwing. Ek boeren kinne stimulearre wurde om de rânen fan de lânboupersielen yn te siedzjen mei blomsied.Yn oparbeidzjen mei natuerorganisaasje kin natuer-en miljeu-edukaasje oanbean wurde.

 

Tsjusterens by nacht

is in kearnwearde foar de kwaliteit fan ús leefomjouwing. Yn it belied bygelyks foar stâlen, bedriuwsgebouwen, glêstúnbou, strjitferljochting en reklame wol de FNP fan ljochthinder in swierder punt meitsje.

 

Spearpunten:

 

  1. Gjin knip yn de trekwei nei Kollumen in feilige Trekwei troch in frijlizzend fytspaad

  2. der moat mear romte foar de fyts jûn wurde yn it ferkear, der sil dêrom in fytsplan opsteld wurde moatte mei finansjele romte

  3. Bedriuweterrein Kollum lans it Kanaal ûntslute op de Skieding

  4. Opstelle fan in duorsum Beliedsplan Grien

  5. Bermbehear op ekologyske wize ynrjochtsje en beheare

  6. Mear romte foar tsjusterens



Downloads:
FNP programma-ynklusyf spearpunten 2019 2022 def.pdf


2019 FNP Fryslân - Disclaimer