29-12-2018 - Coalitieagenda voor gemeente Noardeast-Fryslân 2019-2022
Als eerste coalitie van de gemeente Noardeast-Fryslân zijn wij trots en vereerd u onze plannen voor de komende coalitieperiode te mogen presenteren.

22-12-2018 - Akkoord over coalitieagenda Noardeast-Fryslân
De coalitiepartijen CDA, FNP, S!N, ChristenUnie en VVD hebben de afgelopen weken onder leiding van (in)formateur de heer Theo Joosten een akkoord bereikt over de coalitieagenda en de kandidaat wethouders. De kandidaat wethouders zijn:

- Esther Hanemaaijer (CDA)
- Pytsje de Graaf (FNP)
- Jouke Douwe de Vries (S!N)
- Theo Berends (ChristenUnie)
- Jelle Boerema (VVD)

21-12-2018 - Wethâlder Pytsje de Graaf: Myn Dongeradiel.
Dongeradiel de gemeente dy’t ferbûn is mei it Waad, 27 doarpen, in stêd.
Dongeradiel mei har skiednis, opboud út Oost enWestdongeradeel en de stêd Dokkum.
Dongeradiel mei har kultuer, literatuer, muzyk,keunst en har monumentale skatten.
Dongeradiel mei har lânskip fan bou, greide, fiergesichten, wetter en tsjerketuorren ôfspegeljend tsjin de prachtige loften.
Dongeradiel in gemeente dêr’t men arbeidet, rekreearret, wennet, sport, en jin fermakket.
Dongeradiel in oase fan rêst.
Dongeradiel omklamme troch de seedyk dêr’t men jins tinzen en soargen waaie litte kin op de wyn.
Myn Dongeradiel…………………………aanst foarby?
Nee dit alles bliuwt bestean, yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân.
Myn Noardeast-Fryslân.

19-12-2018 - Tige tank foar jo stim! Noflike feestdagen en in lokkich nijjier!

17-12-2018 - Salang as de wyn fan de wolken waait salang wie Dongeradiel in feit. 
As gemeenteriedslid haw ik de ôfrûne jierren útnamme fan de FNP de belangen fan jo as ynwenner  fan doarp, gea en stêd behertigje mochten. Dat haw ik graach dien. Mei inoar haw wy hiel wat ut'e wei sette kinnen. 
Foarsjenningen yn de kearndoarpen Holwert en Eanjum fia de prachtige multy funksjonele mienskipshuzen. Wat te tinken fan de kwaliteitsslach yn de beskerme doarpsgesichten ! Mar ek yn Dokkum is der mear en mear each foar de kwaliteit fan de wenomjouwing. De binnenstêd wurdt mei de dei kreazer en útnûgjender. Doarpsbelangen en ek wykbestjoeren bin derby de skeakel ta ferbining tusken jo en my. De hiele regio hat in kwaliteitsslach belibbe en de prachtich yn it lânskip oanleine Sintrale As jout ús regio in pracht kâns en betsjut dûbele ferbining.

15-12-2018 - FNP : tradysje optochten moat bliuwe
De FNP Dongeradiel hat skriftlike fragen steld oan it kolleezje fan Boargemaster en wethâlders oer hoe as it komt mei de optocht fan fersierde weinen yn de doarpen. De FNP is min te sprekken oer it  op nij  negatyf kommunisearjen oer jeugdoptochten.

14-12-2018 - Fedde Breeuwsma, riedslid en fraksjefoarsitter FNP Dongeradiel
Hast 35 jier is der in gemeente Dongeradiel west mar der komt gjin jubileumfeest. Wol in ôfskie. Fan
it âlde fertrouwde mar ek in nij begjin fan gearwurking yn de regio.

11-12-2018 - Der wie Dongeradiel, der is no Noardeast Fryslân
Yn maart 2014 bin ik keazen as riedslid út namme fan FNP yn Dongeradiel, in prachtige
funksje yn in prachtige gemeente. Mei dizze funksje koe ik echt wat foar de mienskip
betekenje. Ik wie it jongste riedslid en waarskynlik troch myn leeftyd ek degene mei de
minste libbenservaring, mar trochdat de ried in ôfspegeling wêze moat fan de mienskip, fyn
ik it des te belangryker dat der ek jonge minsken yn de ried sitte. Faaks hawwe jonge
minsken in oare kijk op bepaalde ûnderwerpen as de wat âldere generaasjes. Derneist
moatte jo ek rjocht dwaan oan al ús ynwenners en bedriuwen.

26-11-2018 - Provinciale CDA-baas informateur ‘NEF’
DOKKUM Theo Joosten, voorzitter van de provinciale CDA-tak, is informateur in de nieuwe gemeente Noardeast-Fryslan. Hij ontving gister alle fractievoorzitters.

24-11-2018 - Als zestiende op de lijst, maar als tweede in de raad
Als zestiende op de lijst, maar als tweede in de raad
De zetels waren al geteld, maar gisteren werd de officiële uitslag van de verkiezingen in Noardeast-Fryslân bekendgemaakt. Daarbij werd duidelijk dat drie mensen met voorkeursstemmen in de gemeenteraad zijn gekozen.
Dokkum Op het laatste moment werd Aant Jelle Soepboer er op de FNP-lijst voor de verkiezingen in Noardeast-Fryslân tussen gepropt. Op nummer 16. Het bestuur van de FNP had goede hoop dat de 29-jarige geschiedenisleraar uit Niawier jeugdige stemmers zou trekken. Die verwachting kwam uit: met 584 stemmen haalde Soepboer slechts 85 stemmen minder binnen dan lijsttrekker Bert Koonstra.

23-11-2018 - Útslag verkiezingen

21-11-2018 - Kollum Inne Bilker útsprutsen by de útstjoering fan Omrop Fryslân.
Ja, en dan komt de fraach op dy ôf: Kinsto ris wat op papier sette, in kollum wurdt dat ek wol neamd, wat dyn tiid yn de gemeenteried fan Dongeradiel no eins opsmiten hat, sawol foar dysels, dyn fraksje en foar de boarger fan dizze gemeente .No, tocht ik daliks, in hiele protte, fansels.Sjoch mar nei de ferkiezingsprogramma’s.Wêr hawwe wy ús net sterk foar makke:
Behâld foarsjenningen
Takomst foar de doarpen
Takomst foar ús jeugd
Gjin gaswinning.
Wynmûnen,ja,mar op see.
Soarch tichtby de minsken en folle gjin genôch.
Ja,en sa kin ik noch wol even trochgean.

20-11-2018 - FNP: oanpak ôfsjitten fan greidefûgels yn Frankryk
De FNP sil op it kongres fan de Europarlemintspartij EFA op 7 maart 2019 in moasje ynbringe dat it sjitten op beskerme greidefûgels yn Frankryk ferbean wurde moat. It giet dêrby benammen om skriezen, mar ek om oare greidefûgels lykas de ljip, tsjirk, strânljip en wylp. De FNP wol dat der in algemien ferbod komt op de jacht én konsumpsje fan de beskerme greidefûgels.

20-11-2018 - Omrop Fryslan: FNP is grutste partij by skoalferkiezings yn Noardeast-Fryslân
De skoalferkiezings op it fuortset ûnderwiis en it mbo yn Noardeast-Fryslân binne wûn troch de FNP, op grutte ôfstân folge troch de VVD en de nije gemeentlike partij ELP-Noardeast-Fryslân. De FNP is al in skoftke dwaande mei in aparte jongereinkampanje, dy't sawol online fierd wurdt as op skoallen en yn jeugdhonken.

17-11-2018 - Hjoed #Sinterklaas in waarm wolkom yn #Dokkum
Bliid dat it in feest wie foar jong en âld.
#dúdlik

Argyf
2019 FNP Fryslân - Disclaimer