NIJS   21-12-2018


Wethâlder Pytsje de Graaf: Myn Dongeradiel.

Dongeradiel de gemeente dy’t ferbûn is mei it Waad, 27 doarpen, in stêd.
Dongeradiel mei har skiednis, opboud út Oost enWestdongeradeel en de stêd Dokkum.
Dongeradiel mei har kultuer, literatuer, muzyk,keunst en har monumentale skatten.
Dongeradiel mei har lânskip fan bou, greide, fiergesichten, wetter en tsjerketuorren ôfspegeljend tsjin de prachtige loften.
Dongeradiel in gemeente dêr’t men arbeidet, rekreearret, wennet, sport, en jin fermakket.
Dongeradiel in oase fan rêst.
Dongeradiel omklamme troch de seedyk dêr’t men jins tinzen en soargen waaie litte kin op de wyn.
Myn Dongeradiel…………………………aanst foarby?
Nee dit alles bliuwt bestean, yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân.
Myn Noardeast-Fryslân.


@PytsjedeGraaf

Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer