NIJS   09-03-2019


Riedsgearkomste fan 07-03-2019

De FNP Noardeast-Fryslân hat yn de riedsgearkomste fan 07-03-2019 oandacht frege foar in oantal saken

De FNP Noardeast-Fryslân hat yn de riedsgearkomste fan 07-03-2019 oandacht frege foar de folgjende saken:

 

ANNO fersnellingsaginda

Dizze aginda is in ekonomyske gearwurking fan Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen.

 

" Der mei wol wat mear ambysje op it mêd fan rekreaasje en toerisme toant wurde " oppere fraksjefoarsitter Bert Koonstra fan de FNP Noardeast-Fryslân, " 1,3% fan de €20 miljoen is te min.

De FNP fynt dat neist Holwert oan See der ek mear iendeiske foarsjenningen yn de regio komme moatte.

De gemeenten yn de regio moatte dit oanjeie.

Wethâlder Boerema, bestjoerlik lûker fan ANNO, kin him hjir wol yn fine.

Neffens him binne der no te folle ferskate organisaasje meidwaande. Boerema seit ta dat der by it Ryk om mear jild foar de branche pleite sil.

  

Garnalefiskers

Fedde Breeuwsma hat noed oer de ûnkosten die de garnalefiskers ha nei de ramp mei de MC Zoe. Yn de parse is te lêzen dat de garnalefiskers gjin kompensaasje fergoeding krije neidat hja in skeakleem yntsjinne ha. Der is sels sprake fan dat ek de waadeilannen en waadkust die't in kleem yntsjinne hat net kompensearre wurde sil foar skea. Wethâlder Boerema reagearret hjirop mei dat dit te krijen hat mei de korrekte wize fan it  ynbringen fan de skeakleems. Rykswettersteat hat hjir no de haadrol yn en sil binnen sear koarte termyn alle skeadeklaims sammelje en yntsjinje.

 

Weingatten / Dykgatten

De weingatten yn de Alddyk by Anjum, sjogge der noch hieltyd suterich út. Fedde Breeuwsma trunet der by de gemeente op oan dat dizze kultuer histoaryske weardefolle lanskipseleminten behâlden wurde moatte. Yn oktober binne hjir al fragen oer steld troch de FNP, de gemeente soe Wetterskip Fryslân oantrúnje moatte om de weingatten op te knappen neffens de FNP ek mei it each op Rekreaasje en Toerisme.

   weingat
 


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer