NIJS   10-07-2019


Fedde Breeuwsma oer it finansjeel jierferslach

Jierferslach

 

Tank oan de amtners foar dizze finansjele ferslaggen en alle wurk der achter.

 

Wy slute ús as FNP fraksje oan by it ferslach fan de Audit kommisje.

 

Ek wy bin sa at de dhr Braaksma seit yn it ferslach bot skrokken fan de resultaten.

 

Mar lit we der net fan yn panyk reitsje. Je kinne dit bystjoerre, dêroer straks mear.

 

Der moat ús wol in pear saken fan it hert.

 

Wy priuwe in sekere mate fan berêsting yn it ferhaal. It feit dat wy pas dit jier ynformearre binne oer de resultaten is te let. Dat moat minimaal elke 4 moannen yn it rinnende jier.

 

Hoe kin jo as gemeente tonnen útjaan sûnder it  te witten. It kin......

 

Wy bin ôfhinklik fan oaren, wurdt der dan sein, mar jo witte dochs wat jo oermeitsje en dêr oer ha jo ús te ynformearjen.

 

Ek in opmerking ‘dat hebben we niet begroot' en it wurdt noch efkes op de ôfrekkening setten as wie it neat. Nee sa kin it net. Net begrutte is as wethâlder en ôfdieling sels op de blierren sitte of per ommegeande by ús melde.

 

At ik thús sa boekhâlde soe hienen alle moannen fan it jier te folle dagen.

 

Hiene de foarige kolleezjes hjir noch sitten dan soe ik hurdere wurden sprutsen want we ha se warskôge mar dit kolleezje hat dit jier om harren te bewizen op finansjeel mêd.  En ek as rieden ha we net kritysk genôch west nei it kolleezje en dat lûk ik my oan.

 

Der moat wer striid yn dizze gemeente komme op finansjeel mêd. Dizze stikken fêststelle en yn 2019 mei bettere sifers komme.

En dan lês ik dat it kolleezje ûnder oare sjocht oft der ek minder boades komme kinne. It is opfallend dat der by besunigingen earst nei de leechste salarissen sjoen wurdt. By it gearstallen fan it amtlik apparaat begong menfan boppen ôf  te ferdielen...  litte we dat no ek by de besunigingen dwaan.

 

Ik bin opgroeid yn it wetterlân fan Grou en mei skûtsjes. At ik ús gemeente mei in skûtsje fergelyk dan ha wy de lêste jierren foaral mei it ûnderhâld(fúzje) fan it skip oan de gong west .It dek is biend en it skip sit kreas yn de ferve  Mar yn de tuskentiid ha we wat heal foar de wyn blabbere, de swurden net djip genôch en binne wy oan leger wâl rekke. De skipper hat mear oer de mar sjoen as nei de koers fan it skip.

 

We ha boppe dat ek noch in skûtsje fan de C klasse op sleeptou. Dy binne de finansjele swurden al hast kwyt. Mar hawar dat sil  ek wol by lûke.

 

Dat kin oars en dat moat oars mar dêr kom ik straks by de perspektyfnota op werom. (Sjoch ûnder it kopke nijs, algemien,perspektyfnota)



Tags: fnp fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer