NIJS   28-12-2019


NOARDEAST IN MADURODAM FAN WYNMÛNEN?

NOARDEAST IN MADURODAM FAN WYNMÛNEN?

 

Wy steane oan de foarjûn fan de grutste enerzjytransysje ea.

 

Fryslân kin har bydrage oan dizze enerzjy- opjefte mei de saneamde "Fryske oanpak" (regionale enerzjystratezjy) regulearje. De Gemeenten, de Provinsje, it Wetterskip en oare stakehâlders binne no oan set.

 

As regio Noardeast-Fryslân (ANNO) wolle wy foar 2025 in heal miljard euro oan ekonomyske groei generearje. In diel fan dy  groei kin fan de duorsume en ekologyske toerismesektor komme. Yn de regio Noardeast binne mear as tûzen  operasjonele pleatsen. Mei de plannen fan de CU Fryslân om by elke pleats ien of  twa wynmûnen del te setten (De Vries, te Gast, LC tiisdei 3 desimber 2019) kin ús regio wolris feroarje yn in Madurodam fan Grinzer wynmûnen. Wy kinne de ambisjeuze ferwachte groei yn rekreaasje en toerisme fuortendaliks wol yn it jiskefet smite!

 

Ik bin fan betinken dat wy de enerzjy-opjefte dy't der leit breder besjen en oanpakke moatte. Helje de ferskate sektoaren de eachkleppen fan de holle en feroarje tunnel fyzje nei in breed draachflak. Mei ús allen de skouders der ûnder, elk syn belang dêryn meinimmend mar each foarinoar hâlden. Ynnovaasjes en ûntwikkelings  geane hân yn hân. Mar wy moatte ús de kop net gek meitsje litte en de akute (driuwende) griene honger foar elke priis dwêste wolle.

 

Bert Koonstra, Sweagerbosk

fraksjefoarsitter FNP Noardeast-Fryslân

 



Tags: Algemien, Enerzjy en duorsumens, Natuer en lanskip, Partijnijs

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer