De FNP-fraksjes fan Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Dantumadiel en Noardeast-Fryslân wolle harren ynsette
om in ynternasjonaal fiskerij-evenemint nei it noardeasten fan de provinsje te heljen.
De ôfdielingen tinke oan in Europeesk- of wrâldkampioenskip.
De fraksjes wolle ûndersykje oft it helber is. Neffens harren hat de regio Noardeast-Fryslân ideale fearten mei swiet wetter en in poerbêste fiskstân.
In grut fiskevenemint kin in soad leafhawwers nei de streek ta lûke, tinke de FNP-fraksjes.
"In geweldige kâns om de rekreaasje en toerisme-sektor in slinger te jaan.
De minsken komme net allinnich te fiskjen mar moatte ek drinke, ite, sliepe en komme faaks nochris werom,"
jout fraksjefoarsitter Bert Koonstra fan FNP Noardeast-Fryslân oan.