Pleit oer it fyzje stik rekreaasje en toerisme (ANNO)
Foarsitter,
Foar ús leit it fyzje stik toerisme en rekreaasje yn de regio Noardeast.
De wrâld globalisearret as in tierelier en de minsken komme út alle wynstreken.
Noardeast- Fryslân leit foar de foarjûn fan miskien in wiere toeristyske transformaasje.
Natuerlik sille we hjir fuort gjin Giethoornse taferielen ferwachtsje, mar ús regio is noch ien fan de te ûntdekken peareltsjes fan Fryslân.
It is in ambisjeus fyzje stik mei groei en potinsje.
Groei nei 260k besikers en 900k oernachtingen per jier en dat al yn 2030
En as plus 700 ekstra banen yn 10 jier tiid!
Mar wat noch wichtiger is, we kinne hjir mei de sosjaal ekonomyske foarsjenningen op peil hâlde!
Der moat in lykwichtige balâns tusken it oantal ynwenners en toeristen yn ús gemeente wêze.
Dizze globetrotters sille plak hawwe moatte.
Der wurd praat yn it stik om in oantal grutte fakânsjeparken te realisearjen en yn ús optyk sille der sels hotels komme moatte.
Ommers parken en hotels binne nedich om genôch sliepplakken te realisearjen.
Dit kinst net allinnich mei Bêd en Brochje`s bewurkje.
Wy binne wol benijd hoe en wêr dat syn ynfolling kriget?
As FNP fine we it wichtich dat dizze parken yn de omjouwing passe, mei respekt foar de natuer en lânskiplike eleminten, ommers dit binne ien fan ús unique selling points
Wat wy yn it stik misse, is dat de ekologyske en duorsume rekreaasje en toerisme net eksplisyt neamt wurde.
Wy binne fan miening dat hjir yn ús gemeente ekstra groeipotinsje leit.
Sa jimme al yn de parse fernaam ha sjogge wy as FNP ek nei de fiskerij.
Kilometers fearten en kanalen ferbine de regio Noardeast as in wetterlabyrint en it is ien fan ús ferburgen pearels.
Op dit momint fynt der in ûndersyk plak nei de helberens fan in meardeiske ynternasjonale fiskwedstriid yn Noardeast.
Wy komme wis mei de tiid mei in moasje yn dizze ried werom om jimme stipe dêrfoar te freegjen.
Wêr kânsen lizze binne ek bedrigingen.
Wêr wy ús bot soargje oer meitsje is de promoasje.
Wy misse no noch in ienriedich medium.
Om saakkundich toeristen te lûken en te fasilitearjen soenen we de Noarske oanpak advisearje.
Sjoch mar is op www.visitnorway.nl
Ek fine wy dat der in stevich byldmerk fan Dokkum komme moat. Dat mei ûnder oaren har bolwurken, de âlde binnenstêd en natuerlik har bierbrouwerijen.
Lit it in deitocht fan út Amsterdam nei Dokkum de bierstêd wêze, it Brugge fan it Noarden.
Mei dizze fyzje strielet ús gemeente en de regio ambysje en lef út.
Mar der is wurk oan de winkel.
Us boargers, bedriuwen en ûndernimmers moatte yn dizze prosessen en ûntwikkelingen meinaam wurde.
Sy binne it fûnemint ta it sukses.
En wat myn fraksje oanbelanget.......... der plat foar!........en set ús gemeente op de kaart!!!
Bert Koonstra
Fraksjefoarsitter FNP Noardeast-Fryslân
Riedsgearkomst Noardeast- Fryslân (Kollum)
Tongersdei 6 febrewaris 2020