NIJS   12-02-2020


In feilige krusing by Hallum

In feilige krusing by Hallum

 

FNP Noardeast-Fryslân is optein no't nei jierren einlings de langferwachte gefaarlike krusing Doniawei N357 oanpakt wurde sil.

De provinsje hat witte litten oan Provinsjale Steaten dat der twa gefaarlike ferkearspunten op koarte termyn oanpakt wurde sille. Ien dêrfan is de krusing Doniawei - N357 by Hallum. FNP Hat sawol provinsjaal as gemeentlik faak omtinken frege foar de oanpassing fan dizze Krusing. In feilige krusing is tige wichtich foar de ynwenners en brûkers fan Hallum en omjouwing. It hat lang duorre mar einlings is it dan safier, de N357 sil in stik feiliger wurde.

 

Fedde Breeuwsma,

Wurdfierder Ferkear FNP Noardeast-Fryslân



Tags: ferfier yn fryslan, fnp fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer