NIJS   12-05-2020


TSJINWYN!

"TSJINWYN!" (Fraksje)

TSJINWYN!

 

In wynmûne ferfange oan de râne fan in prachtich histoarysk doarpke oan it waad, de lingte ferdûbelje fan 31 nei goed 60 meter, dêrby yngean tsjin it advys fan ‘Hûs en Hiem' en it belied lykas fêststeld yn ús koallysjeakkoart. It kolleezje fan gemeente Noardeast-Fryslân naam op 17 maart it beslút dêrta en de FNP is it dêr fansels alhiel net mei iens.

 

Op dit stuit wachtsje wy noch op antwurd op ús stelde fragen fan in pear wike lyn foar't wy aksje ûndernimme kinne, mar minsken fan Moddergat, minsken fan Fryslân, wit jimme heard en stipe.

 

De fragen dy't der lizze ha dizze strekking en binne oanfolle mei sitaten basearre op it bestjoersakkoart:

 

1. Wêrom folget it kolleezje net it advys fan ‘Hûs en Hiem' op? (Deputearre Poepjes: "Poepjes: "Wy freegje soarchfâldige ôfwagings fan gemeenten")

2. Wêrom wykt it kolleezje ôf fan it koälysje akkoart en fan provinsjaal belied? ("De Provincie geeft gemeenten mee om ‘maatwerk te leveren' [...] niet blind te kiezen voor windmolens.")

3. Fynt it kolleezje dat mei de ferfanging fan dizze wynmûne troch in grutte yndustriële turbine it karakter fan it Fryske lânskip behôlden wurde kin deunby it Unesco Wrâlderfgoed de Waadsee?

4. Wêrom kiest it kolleezje der net foar om yn line mei de provinsje te stjoeren op it fuort heljen fan lytse mûnen?

5. Falt dizze mûne wol ûnder de kategory doarpsmûnen foar Moddergat dêr't it in Ternaarder mûne is? ("Een molen is pas een dorpsmolen als de molen bij een dorp staat, is voortgekomen uit een lokaal initiatief en de    opbrengsten voor de lokale gemeenschap zijn.")

6. Sa ja hoe rom nimt it kolleezje dan termen as ‘mienskiplik besit' en ‘omkriten' dan?



Tags: Algemien, Enerzjy en duorsumens, Natuer en lanskip, Partijnijs

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer