NIJS   07-07-2020


Noed oer mooglike sluting fiskgebiet boppe Skiermûntseach

 

 

 

 

De FNP yn de gemeente Noardeast-Fryslân hat noed oer de mooglike sluting fan histoaryske fiskgrûn yn de Noardsee boppe Skiermûntseach.

Dat soarget foar ûnrêst ûnder de garnalefiskers fan Lauwerseach en Zoutkamp, want sy reitsje mooglik in part fan harren ynkomsten kwyt.

Dêrom stelt de partij fragen oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

 

De ûnrêst is in gefolch fan it Noardsee-akkoart dat yn febrewaris, nei mear as in jier ûnderhanneljen, berikt waard tusken de ryksoerheid, de enerzjysektor, de fiskerij, natuerorganisaasjes en de seehavens. Doe wie de stimming ûnder de garnalefiskers noch posityf, mar dy is no omslein yn lilkens. "De fiskers fiele harren passearre en binne oerfallen troch de publikaasje fan it konsept", seit Bert Koonstra, fraksjefoarsitter fan FNP Noardeast-Fryslân. "No is alles al ynkleure, en de fiskerijbûn en de fiskers binne net op de hichte steld."

 

Oandielhâlder

Troch sluting fan de fiskgrûn soene hûnderten fiskers yn 'e problemen komme kinne. "Al mei al giet it om 200 oant 300 minsken", neffens Koonstra. "Mar de gemeente Noardeast-Fryslân is ek oandielhâlder fan Lauwerseach. Wy binne der mei dwaande om foaral dy haven in ekonomyske slinger te jaan, en it soe fansels net bêst wêze as al dy fiskerij dêr fuort falt."

 

Fragen:

1. Is de gemeente Noardeast- Fryslân op'e hichte fan de oannommen sluting fan de histoaryske fiskgrûnen t'en Noarden fan Skiermûntseach? Witte de gemeente wêrom dizze fiskgrûnen sluten wurde?

2. Hokker seleksje is der makke om dit gebiet te sluten en de grutte dêr fan?

3. Wat giet de gemeente foar de passearre garnalefiskers dwaan?

4. Foar duorsumens yn it projekt shrimp4live is koartlyn noch 500.000 euro fan út it Waadsee fûns takent. Der wurdt dus noch flink yn duorsum fiskjen ynvestearre (totaal € 1.3 mio).

    Hoe is dat te rymjen mei in eventuele sluting fan de garnalen fiskgrûnen ten Noarden fan Skiermûntseach?

 


  https://www.omropfryslan.nl/nijs/969331-noed-oer-mooglike-sluting-fiskgebiet-boppe-skiermuntseach  

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer