NIJS   07-07-2020


Perspektyfnota 2020


Dizze PPN  hat spitigernôch wer net in soad perspektyf wat de FNP fraksje oanbelanget. Moatte wy dit noch wol in perspektyfnota neame? It boadskip is dúdlik: "it jild is op!" As wy lykwols efterom sjogge kinne wy konstatearje dat it foarútsjoch fan de maaie sirkulêre altyd somberder west hast as dat fan septimber. Wy wolle ús de kop dan ek net gek meitsje litte.

 

Sa binne der gelokkich noch wat reserves. It soe ferstannich wêze fan it kolleezje om har ta te rieden op krappere tiden . Undersykje de mooglikheden mar betink wol dat we dêrby net it libben helje moatte út ús Fryske kultuer en taal, dat is neffens de FNP Noardeast-Fryslân in prioriteit, lykas minsken mei beheinde kânsen, ek dêr moatte wy noed foar stean bliuwe.

 

Finansjele swierrichheden freegje om tûke en kreative bestjoerders. Wy daagje jimme dêr graach ta út, fansels yn goed oerlis mei ús ried en de befolking, kommunikaasje is it kaaiwurd hjir yn. Dêr moatte wy mei elkoar noch in soad yn leare, bliek tal fan kearen. Foarútsjen betsjut ek dat ‘nee' somtiden in antwurd wêze sil, ek al ha wy it dêr as mûnige boarger en politisy faaks dreech mei.

 

Wy tsjinje  tegearre mei ALL, Grien nef, CDA en SiN in moasje yn wêryn't wy ús ferûntresting útsprekke oer de nije ferdieling fan it gemeentefûns. Us kolleezje sil hjir al wol mei dwaande wêze mar wy wolle dochs dit sinjaal ôfjaan. Sa't men it no yn Den Haach yn de holle hat raast it oan de protters. Wy sille dêr nea akkoart mei gean. De moasje freget it kolleezje om alle prikken yn it wurk stellen om dizze besuniging foar te kommen....................

 

Wy hawwe der as fraksje skjin ús nocht fan dat de gemeenten as slútpost brûkt wurde troch it regear. Moaie sier meitsje mei KLM en de gemeenten moatte harren mar rêde. Dat kin sa net langer en der komt in momint dat wy as legere oerheid net mear foldwaan kinne oan de Haagske winsken. Dat betsjut dan ek dat wy ús ferplichtings oan de mienskiplike regelingen net mear betelje kinne.

 

De nota Fryske Taal sit der oan de kommen en wy binne dêr as FNP tige nijsgjirrich nei. Wy binnen benijd yn hoe't it kolleezje syn ambysjes hjir yn omskriuwe sil en har hâlde sil oan de Europeeske rjochtlinen.

 

Dan ha wy noch ús Swimdiploma foar alle bern, dêr is in kommisje yn ús fraksje mei dwaande. Ein fan it jier sil der in útstel rjochting de ried komme. Wy sille net mei in grutte finansjele fraach komme. Ek hjir blykt kommunikaasje wer in protte dwaan te kinnen.

 

Yn  de Aorta stiet dat der mei koarten in fytsplan komme sil. In goede knyppunten analyze moat hjiryn yn ús eagen oan de oarder komme. Unfeilige situaasjes as by Burdaard raze om in oplossing. Ek de rûnwei om Kollum sil fierder oandacht ha moatte. Wânswert is ek sa'n plak. Wy prate hjir no al jierren oer, it is tiid foar aksje!

 

De enerzjy transysje, in swiere opjefte wêr't neffens ús jildt...wês tûk. Doar es dwers te wêzen en ferjit de ierdwaarmte net. Fan de FNP  kin it kolleezje en ried noch wat útstellen ferwachtsje yn 2021.

 

Dan ha we de sportferpleatsing as moatte wy hast sizze it ôfbreidzjen fan it Tolhúspark en de Hurddraver. Wat moatte wy dêr noch oer kwyt? Wy hiene de plannen graach dit jier dúdlik ha wollen......dat skynt ûnmooglik te wêze. Spitich, gas der op wat ús oanbelanget! Wichtich om te hawwen yn dit proses is in oersjoch fan de jilden dy't tasein en beskikber binne. Dêrfoar tsjinje wy tegearre mei de VVD, SIN, en it CDA in moasje yn. It doel: skeppe fan dúdlikheid foar alle belutsenen.

 

Foarich jier ha wy de skippers en skoatlju fan it kolleezje frege heger oan de wyn te silen. Dat moat no noch altyd ...mar de wyn draait en dêrmei moat der lavearre wurde om koers te hâlden. Foar de wyn is elke skipper in hurdsiler mar in tûke siler wit hoe't der lavearje moat om foaroan te kommen. Dêr leit in hiele útdaging dy't wy mei inoar klearje moatte.

 



Tags: enerzjy en duorsumens, fnp fryslan, kultuer, libje yn fryslan, natuer en lanskip, sport, taal en kultuer

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer