NIJS   06-10-2020


"Frysk Taalbelied Gemeente Noardeast-Fryslân

 

 

Ik bin goed trije wike lyn heit wurden fan in prachtich jonkje. It momint dat ik it mantsje foar it earst yn myn earms sleat is mei gjin pinne te beskriuwen. Wy binne no trije wike fierder en it is noch altyd machtich, ik bin bliid dat er der is. Mar tagelyk wurdt it ek al gewoan. As ik thúskom is er der. As ik fuort gean is er der. As ik nachts te miegen gean is er der ek. As de fanselssprekkendheid fan syn oanwêzichheid lykwols resultearret yn nonsjalânse fan myn kant, ferwaarleazging faaks, dan komt it jonkje tekoart. As wy ophâlde him leafde en oandacht te jaan wurdt it in oerkommeling en as wy ophâlde him te fieden wurdt er meager en siik.

 

Hoe treffend is de gelikenis mei ús Fryske taal. In taal grut genôch om minsken der mei grutte nonsjalânse mei om springe te litten mar te lyts om himsels libben hâlde te kinnen. Gelokkich binne der in soad ynstituten dy't har ynsette foar ús taal. En gelokkich wurdt it Frysk beskerme troch tal fan ferdragen en oerienkomsten.

- It ramtferdrach beskerming nasjonale minderheden

- It Europeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden

- De Wet gebrûk Fryske taal (2014)

- Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer (BFTK, 2018)

 

Mar is it net in papieren werklikheid?! It Frysk is te beskermjen mei ferdragen en ôfspraken sa't in komapasjint by de dea weihôlden wurde kin troch him oan de beäzeming te lizzen. Mar wy moatte de taal net allinnich by de dea wei hâlde, wy moatte de taal libben hâlde, oandacht jaan, fieding jaan. De taal groeie litte, lyk ús bern en ús leafsten, as in fanselssprekkendheid dy't ús folste oandacht fertsjinnet. En dat begjint by ússels! Dat begjint by bewustwurding, by it nimmen fan ferantwurdlikheden.

Ien fan dy ferantwurdlikheden is it útfieren fan dit taalbelied. Dus net allinnich it opstellen fan nóch in stik papier fan symboalyske wearde, mar it bewust útfieren fan goed Frysk belied. Dêrby ha wy, sa't ús belied ek al skriuwt, in foarbyldfunksje. Net allinnich hat de gemeente as ynstânsje in foarbyldfunksje foar syn ynwenners, boppe-al hat ús gemeente in foarbyldfunksje foar oare gemeenten. En ik moat sizze ik bin best wol wiis mei it belied sa't it hjir foar ús leit.

 

De útgongspunten binne helder:

- it beklamjen fan it meartalige karakter fan de gemeente wêrby't in grutte rol foar it Frysk fuortlein is en mei romte foar streektalen en dialekt. Meartaligens is neffens de FNP fraksje in grutte rykdom as der op basis fan lykweardigens mei de talen omgean wurdt.

- It befoarderjen fan hâlding en taal tsjinoer it Frysk binnen de amtlike organisaasje.. De FNP fraksje is fan miening dat ús amtlike organisaasje it úthingboerd is fan de gemeente. It is moai om te lêzen dat de taalfoarkar fan de boarger bepalend is. Noch moaier soe it neffens ús wêze as men standert fan it Frysk útgiet. De tillefoan opnimt yn it Frysk, minsken oansprekt ensfh. Dat jild lykwols ek foar jo as boarger, foar elke Fries. Begjin dochs asjebleaft yn jo eigen taal. Besykje it ris!

- Positive ynjeksjes foar Frysk en meartaligens yn it ûnderwiis. It is neffens de FNP fan ûnmjitlik belang dat bern fan in sa jong mooglike leeftyd yn oanrekking komme mei it Frysk en dat it Frysk in goed fûnemint kriget yn it ûnderwiis. Ek al is dit net de taak fan de gemeente, wy bin bliid mei de lytse inisjativen dy't yn it plan beskreaun steane.

 

En fansels, want dit meie wy neat ferjitte,

- de positive wearde fan it Frysk yn de ekonomy, kultuer en soarchsektor en it fuortsterkjen dêrfan. Want it Frysk moat út de konserfatyf-agraryske hoeke. It is net allinnich de taal fan pake, it is ek in taal fan de takomst, mei wearde!

 

Koart sein, in moai stik dat om de FNP noch wol krêftiger wêze mochten hie. Mar it is in moaie basis om op te bouwen oan ús prachtige taal. Dêrwei foarsitter dat wy fan herte mei it útstel ynstimme sille as der twa dingen feroarje:

Fan it earste wol ik graach in tasizzing ha fan de wethâlder. Dat giet oer de beliedsfoarname om it presidium te freegjen it gebrûk fan de Fryske taal by riedsgearkomsten op de aginda fan it presidium te setten. It mei om de FNP fraksje rêstich op de aginda fan it presidium, mar it is fansels de ried dy't de beslissings nimt, ek oer it brûken fan it Frysk  by riedsgearkomsten. Kin de wethâlder dit ûnderstreekje?

It twadde wolle wy feroarje troch it beslút te amendearjen. Dêrta stalde de FNP tegearre mei ús kollega's fan de ChristenUnie, wêrfoar myn ivige tank hear fan der Tol, in amendemint op dat mei yntsjinne wurdt troch de fraksjes fan de ELP, PvdA, ALL, Groen NOF en Gemeentebelangen en hooplik mei brede stipe fan de oare partijen. Mei dat amendemint wolle wy de plaknammen yn de gemeente Noardeast-Fryslân harmonisearje wêrby't de Fryske toponimen brûkt wurde sille, nei foarbyld fan foarmalich ferwerderadiel.

 

Ik gean oer ta yntsjinning fan it amendemint."

 

 




Downloads:
Ap 4a oannaam amendemint fryske plaknammen.pdf


Tags: fnp fryslan, jongerein, kultuer, taal en kultuer

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer