NIJS   06-10-2020


Reinbôge gemeente

 

In flagge die symboal stiet foar erkenning, herkenning en akseptaasje fan de lhbt+ ers.

Mei dizze flagge lit de gemeente Noardeast Fryslân sjen dat de gemeente harren aktyf ynsette sil foar de akseptaasje mar ek û.o. foar de feilichheid fan lhbt+ers.

 

Moai, en tagelyk ek spitich dat it nedich is..... Want jo soene eins sizze dat dit yn dizze nijerwetske tiid der dochs net in flagge nedich wêze moat om minsken te akseptearjen om wa oft se binne....

 

De FNP fraksje kin akkoard gean mei it foarstel om in reinbôge gemeente te wurden, mar wy ha noch wol in opmerking: wy sjogge wol ris reinbôge flaggen foarby kommen mei de Fryske flagge/pompeblêden der yn ferwurke.... it soe moai wêze dat de Reinbôge flagge ek in reinbôge flagge bliuwt en net in kombinaasje wurdt mei de Fryske flagge want de reinbôge flagge is foar de lhbt+ers,

mar de Fryske flagge is der foar elkenien!



Tags: fnp fryslan, jongerein, libje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer