NIJS   09-10-2020


Untwerp- Aginda foar it Waddengebiet 2050 24 septimber 2020

 

 

Dizze aginda moat soargje dat de doelen fan ryk, provinsjes en gemeenten rûnom it Waadgebiet goed mei inoar ôfstimd binne.

Lokkich is dizze aginda gjin wetlik instrumint, dus net yn beton getten. Mar kin it fungearje as in rjochtline foar beliedsramten en

wer moat, byskaaft wurdt It is in saneamde libjend dokumint.

 

Yn myn pleit wol ik my no beheine oant ús keninkrykje, gemeente Noardeast- Fryslân.

 

De ambysjes om de waadekonomy in "opwaartse" slinger te jaan, kin de FNP fraksje har hielendal yn fine. Lit it, yn it begjin fan dit jier, de rekreaasje en toerisme fysje.

Die troch dizze ried oannaam is de rjochtline wêze. Wêr ekologyske en duorsume rekreaasje in boppetoan yn Noardeast fiere kin.

 

Sa it al yn dizze aginda stiet foarsitter is de beropsfiskerij yn it Waad, in wichtige sektor.

De fiskerij is ynbêden yn ús mienskip, fertsjintwurdiget net allinnich in ekonomyske wearde, mar ek in maatskiplike en kultuere wearde.

Wêr heiten en soannen, yn waar en wyn, harren brea fertsjinje moatte.

De fiskers binne de natuerlike hoeders, eagen en earen fan dit unike stikje wrâlderfgoed en sette harren yn foar it opromjen fan swalk ôffal.

 

Foarsitter, de fraksje FNP pleit dan ek:

Om de beropsfiskerij net fuort en daliks te beheinen; troch it ferbieden fan it fiskjen oer waadplaten. Mar yn it foarste plak mei de fiskers yn oerlis te gean en mei inoar ta in oplossing te kommen.

De klam leit no tefolle op registrearjen, monitoaren (track- trace) en ferbieden. It moat net sa wêze dat dizze fiskers aanst troch in brij fan regeljouwing en oplizzing, letterlik efter it net fiskje.

Oer dit item tsjin ik dan aanst ek in amendemint yn. (Sjoch bylage 1)

 

 

De enerzjyoergong hat in promininte rol rjochting it jier 2050. Foarsitter, lit is as in peal boppe wetter stean, dat de FNP sawol foar as efter de seedyk gjin nije wynmûnen ha wol.

Wat de FNP oanbelanget, is de enerzjy opjefte dy't de gemeente Noardeast-Fryslân, oan de Fryske RES oanpak ferliend hat, hjir dúdlik en liedend yn.

De kostbere klaaigrûn moat net foar nije wynmûnen en sinneparken brûkt wurde. Sawol op gemeente, -as provinsjaal nivo is hjir gjin bestjoerlik draachflak foar.

Ek dit item sil ik aanst amendearje.... (Sjoch bylage 2)

 

 

Treffend hat it kolleezje har foarsitter yn it ferline iepenlik tsjin gaswinning by Ternaard útsprutsen. Ek fan út dizze aginda stiet men ôfwizend tsjin gasboarringen ûnder it Waad.

Anno 2020 kin dit echt net mear. "Delfstofwinning", út namme fan de Staat der Nederlânen en fêst spikere yn in Mynbouw-wet. De FNP pleit dan nochris: "Gjin gegriem yn ús grûn"!!!!!!!

 

De rike klaaigrûn foarsitter hat al iuwen in wichtige haadrol yn ús regio spile en it hat in protte wolfeart en foarútgong brocht.

De hjoeddeiske lânbou leveret in wichtige bydrage yn de (inter)nasjonale iten foarsjenning. Wat de FNP oanbelanget komme we de wurkgroep "Polder Holwert -Ternaard" temjitte ....

"De foet fan'e dyk is de grins fan it belied" Of te wol "de FNP wol binnendyks foar de lânbou behâlde".

 

As lêst wol ik yn myn pleit, foarsitter. De negative reaksje fan de Waadferiening beneame. Sy kinne harren net yn dizze aginda fine en stippe dizze dan ek net.

De FNP is dan ek wol benijd nei de reaksje fan it kolleezje, oer dizze negative stipe fan in wichtige stakehalder yn it Waadgebiet.

 

 

 



Downloads:
Bylage 1
Bylage 2


Tags: enerzjy en duorsumens, faklju, fnp fryslan, natuer en lanskip, waadsee

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer