NIJS   05-02-2021


OP DE BARRIKADEN!

 

De FNP Noardeast-Fryslân hat tongersdei in moasje yntsjinne oer de foarnommen werferdieling fan it gemeentefûns. Gemeenten krije jild fan it Ryk en de ferdieling dêrfan moat oars seit men yn De Haach.  Fryslân giet der sa'n 12.5 miljoen euro op efterút en foar ús gemeente soe dat rûchwei 2.4 miljoen euro per jier minder betsjutte. De gefolgen hjirfan binne net te oersjen en kinne bygelyks noch mear besunigingen en ferheging fan de gemeentlike belestingen ynhâlde.

 

"Moatte wy no noch mear knepen wurde? Moatte de minsken no noch mear betelje? Moatte der noch mear sosjale foarsjennings omfalle?" Freget wurdfierder Fedde Breeuwsma him lûdop ôf. "Wat de FNP oanbelanget net, de kolleezjes fan Fryslân, Grins en Drinte moatte op de barrikaden! Wy moatte de Noardlike provinsjes beskermje tsjin dit ûnrjocht!"

 

De moasje, dy't ûnderdiel is fan in provinsjebrede oanpak fan de FNP, waard yn Noardeast-Fryslân mei unanime stimmen oannommen. De Wethâlder die in tasizzing dat hja alles der oan dwaan soene om de druk nei De Haach sa folle as mooglik op te fieren.

 

 

Fedde Breeuwsma

FNP Noardeast-Fryslân           



Tags: Algemien, Ferkiezings, Jongerein, Partijnijs, Polityk Den Haach

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer