NIJS   03-05-2021


Tineke Bosgraaf ferfangt Fedde Breeuwsma yn de Fraksje FNP Noardeast-Fryslân!

 

 

Myn namme is Tineke Bosgraaf-de Jong, ik wenje en wurkje yn Kollum en bin in FNP-er yn hert en siel.

It behâld fan de Fryske taal is foar my bysûnder wichtich lykas it behâld fan ús lânskip yn al har ferskaat. Yn it Noarden de wrydske fiergesichten en mear nei it suden ta de bosk en heide.

Ik ha my altyd al foar de polityk ynteressearre en as ik dêr in stientsje oant bydrage kin sil ik it net litte om dat te dwaan.

Fan 2007 oant 2018 bin ik, mei in hiele protte nocht, FNP riedslid west yn de gemeente Kollumerlân c.a., dus doe't de fraach kaam oft ik wer in oantal moannen as riedslid yn Noardeast-Fryslân sitting nimme woe,

koe ik dit net wegerje. Mei ek troch myn plak op de kieslist dy't troch de leden fêststeld wurden is.

 

Ik sjoch der nei út om wer oan de slach te gean yn de polityk!



Tags: ferkiezings, fnp fryslan, libje yn fryslan, natuer en lanskip, wenje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer