NIJS   01-11-2021


Ofskied Pytsje de Graaf



Pytsje it giet dy goed!

 

As bestjoer, riedsfraksje, wethâlder en leden fan de FNP-ofdieling Noardeast Fryslân, wolle wy dy, Pytsje, hertlik tank sizze foar al dyn krewearjen as folksfertsjintwurdiger en as bestjoerder, as mienskipsminske en fansels as bêste kollega.

Do bist hjir hikke en tein, ferbûn oan de grûn en woartele as in sterke iik yn de neare klaaigrûn.

Earst Westdongeradiel, doe Dongeradiel en no Noardeast-Fryslân.

 

Do hast it politike lânskip feroarjen sjoen en hast it mei feroare.

Do wiest altyd in faktor fan ynfloed.

Mar do moastest ek sels mei feroarje want alles waard grutter en grutter.

Koene je eartiids as politika yn in lytse gemeente mei gemak oersjoch hâlde oer wat der spile yn ‘e mienskip,

no't de oerflakte fan de gemeente rint fan Hallum oan't Muntsjesyl is dat in stik dreger wurden.

Ofstân tusken polityk en ynwenners groeit dan mei.

 

Dochs is dyn FNP hert altyd tichtby minsken, tichtby de mienskip bleaun, do hast dermei rêd.

Taal en kultuer, sport, doarpshuzen en mfa's, dat wiene dochs dyn beliedsterreinen.

Weardefolle saken en prachtige aktiviteiten hasto mei realisearre en do hast der noed foar stien dat dizze saken dy't sa wichtich foar minsken binne gjin slútpost waarden.

Us wurdearring en grutte tank derfoar.

 

Al moast it om dyn sûnens no rêstich oandwaan, wy hoopje datsto mei al dyn kennis en ûnderfining yn ‘e takomst net allinnich ús FNP-ôfdieling mar ek de hiele mienskip fan Noardeast-Fryslân skewielen bliuwst!

En dat jimme wûnder aaikes noch lang resultearje meie yn nije FNPerkes!

Pytsje, wy stean by dy yn it kryt.

Alle lok en alle sûnens mei dyn leave man Harke en jimme bern en bernsbern, genietsje fan inoar en genietsje fan jimme daalders plakje op Amelân.

It giet dy goed!

 



Ofskied Pytsje de Graaf



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer