NIJS   06-03-2019


De fraksje fanôf 01-01-2019

Kom yn de kunde

Bert Koonstra kleine versie

Bert Koonstra

Ik wenje yn Sweagerbosk . Bin heit, wurkje as konsulint yn it Sosjaal Domein. No aktyf as riedslid en ik stean foar de kearnwearden fan de FNP; ,demokrasy, federalisme, ynternasjonalisme, taal en kultuer, ûndernimmerssin, solidariteit en duorsumens. Elts moat mei dwaan kinne en noed en soarch foar de minske , it gea en de natuer bin foar my fanselssprekkend.


Aant Jelle Soepboer

29 jier jong en yn it deistich libben bin ik dosint yn it fuortset ûnderwiis, skriuwer en muzikant. De FNP is in partij dy't regionale en provinsjale polityk bedriuwt sûnder in rânstêdlik keurmerk, in partij dy't ferjonging en feroaring omearmet en boppe-al in partij dy't it Frysk heech yn it findel hat, dêr wol ik myn hals wol foar útstekke. Ik wol my graach ynsette foar de jongerein, om harren in stim te jaan yn de polityk, ek meitsje ik my sterk foar it behâld fan de doarpskultuer en Frysk yn it ûnderwiis. Tegearre ien!

Aant Jelle Soepboer kleine versie
Lisette Akkerman kleine versie

Lisette Akkerman.

36 lentes jong, en wenje yn Ferwert. Ik wurkje yn'e útféartsoarch en dêrneist ha ik in eigen bedriuw yn coaching en training yn duorsume ynsetbaarheid en fitaliteit,
wêrby ik minsken en bedriuwen advisearje en begeliet op it mêd fan in sûne wurk-en leefomjouwing. Ik fyn it wichtich dat minsken wurkje, libje, ûntspanne en genietsje kinne yn en fan harren prachtige gemeente.
Ik set my dan ek graach yn foar wurkgelegenheid, leefbaarheid, behâld fan sport, kultuer en soarch foarsjenningen foar jong en âld en foar behâld en beskerming fan it ferskaat oan floara en fauna yn Noard-East Fryslân!

Fedde Breeuwsma

Bin riejouwer BHV en Krisismanagement. Heit en grutske pake. Ik wol my graach ynsette om de Wet Maatskiplike
ondersteuning (WMO)tichter by de minsken te bringen. De fraach nei soarch moat liedend wêze en net it wykteam of de gemeente. Earst soarch regelje yn eigen doarp/ wyk troch bekende wyksuster en dan de prosedueres.

 

Fedde Breeuwsma kleine versie
Hanneke Jouta kleine versie

Hanneke Jouta

Troud mei Willem Hazewindus en mem fan trije bern. Ik fiel my as Fries thús by de FNP. Fan 2006 oant 2014 ha ik yn 'e ried fan Ferwerderadiel sitten. Graach wol ik my yn ús nije gemeente op'e nij ynsette. Ynsette foar de leefberens foar al ús ynwenners. Foarsjenningen behâlde en omtinken foar minsk en natuer!

Pytsje de Graaf (wethâlder)

As frou fan Harke en beppe fan de alderleafste famkes fan de wrâld fiel ik my by de FNP thús om't ik in grutte bining mei it Frysk en Fryslân haw. De partij dy't mei respekt mei-elkoar omgiet en gjin ûnderskied makket.

Pytsje de Graaf kleine versie


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer