NIJS   09-07-2019


Aant Jelle Soepboer

"Aant Jelle Soepboer"

No goeie!

Myn namme is Aant Jelle Soepboer en ik bin 29 jier. Yn it deistich libben bin ik dosint op it foartset ûnderwiis, skriuwer fan de boekesearje "Vet Oud!" en sûnt jannewaris dit jier ek gemeenteriedslid foar de FNP. Ik leau yn it bestean fan in libbenstried, in reade tried dy't alles wat ik doch ferbynt as wie it foarbestimd. Neam it lot, as ropping. It dosintskip, it skriuwen, de muzyk, de polityk, allen leaten oan ien grutte stamme. Dy stamme, dy reade tried is Fryslân. Lân fan ús foarfaars en lân foar ús neiteam, mei greiden grien en wetters wiid. Lân fan rûchhouwers en dwersbongels, klaaikluten en wâldpiken, readbûnte kij en ynswarte hynders. Fryslân, wêr't it gewoane genôch is en grutte dieden mar lyts binne. In lân om grutsk op te wêzen.

 

Ik fyn it wichtich dat elkenien fan dat lân genietsje kin en genietsjen bliuwe kin. Ik sil my dêr dan ek hurd foar meitsje en yn it bysûnder ynsette op it behâld fan doarpen en har tradysjes, ús Fryske taal dy't yn de nije gemeente Noardeast Fryslân perfoarst net efterút gean mei, it fersterkjen fan ús regiostêd Dokkum en fansels op ús jongerein!

 

As der wat is witte jimme my te finen!

 AantJelle



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer